Kompjûterhelp yn Fryslân
In rêstich wurkplak, sûnder gedoch
Jo kompjûter heart in stik ark te wêzen, gjin heikerwei. Ik rjochtsje him sa yn dat er docht wat er dwaan moat, en ik bliuw berikber as der wat is.
Xerdi is Erik Nijenhuis út Ljouwert. Ik kom by jo lâns – yn Fryslân, want oan hûs komme kin allinnich as it tichtby is.
Wêr't it faak op fêstrint
De kompjûter wurdt stadich. Der komme meldingen dy't net ien begrypt. Der wurdt om jild frege foar programma's dy't earst gewoan wurken. En elke kear as der wat feroaret, moatte jo it opnij útsykje.
Dat is gjin dommens fan jo kant. It is hoe't it makke is: der sit in bedriuw efter dat der belang by hat dat jo elk jier wer wat betelje.
Linux wurket oars. It wurdt net stadiger fan himsels, en op in kompjûter fan acht jier âld draait it faak better as wat der oarspronklik op stie.
Frijheid
Linux is frije software. Dat betsjut mear as dat it neat kostet: der is net ien dy't der de baas oer is. Gjin bedriuw dat it by jo weihelje kin, de priis feroarje of it op in dei útsette. De kompjûter op jo buro is fan jo, en bliuwt fan jo.
Frije software mei elkenien oersette. Dêrom binne Firefox en Thunderbird der yn it Frysk: de browser en de e-mail, dêr't jo de measte tiid yn sitte. Net alles is oerset, want dat hinget ôf fan wat oaren al dien hawwe. Mar it mei. By Windows beslút Microsoft hokker talen der binne, en Frysk is der net ien fan.
It jildt ek foar my. Wat ik by jo delset, kin in oar oernimme. Der is gjin kontrakt en gjin spul dêr't allinnich ik by kin.
Wat ik foar jo dwaan kin
Alles yn oerlis, en altyd earst útlein yn gewoane wurden.
-
In wurkplak ynrjochtsje
Ik set Linux op jo kompjûter, mei de programma's dy't jo brûke, en soargje derfoar dat jo bestannen meikomme. Jo hoege neat sels út te sykjen.
- Jo bestannen en e-mail geane mei
- Programma's dy't jo kenne, of in alternatyf dat ik útlis
- Ik lit sjen hoe't it wurket foar't ik fuortgean
Ienmalich, fêste priis nei in koarte blik op wat jo hawwe.
-
Byhâlde en berikber wêze
De fêste ôfspraak: ik hâld de boel by en jo kinne my belje as der wat is. Gjin wachtrige, gjin nûmer – gewoan in telefoan dy't oergiet.
- Fernijings wurde dien, net útsteld
- Reservekopyen dy't ek werom te setten binne
- Fragen stelle mei, ek de lytse
Fêst bedrach yn 'e moanne. Elke moanne op te sizzen.
-
Helpe mei de administraasje
Rekkens skriuwe, jo oeren byhâlde, de map foar de boekhâlder op oarder. Ik set it ien kear goed op en dan rint it.
- Rekkens dy't der fersoarge útsjogge
- Alles op ien plak, werom te finen
- Sa opset dat jo boekhâlder der bliid mei is
Yn kombinaasje mei it byhâlden, of los per kear.
Wêrom yn it Frysk
Om't dit wurk allinnich tichtby wurket. Ik kom by jo oan 'e tafel, sjoch mei op it skerm en lit it dan efkes sjen. Dat kin ik dwaan yn Fryslân en dêrbûten net.
En om't útlis yn jo eigen taal gewoan better oankomt. Der binne genôch siden dêr't jo mei Ingelske wurden fan yn 'e war reitsje; dit is der net ien fan.
Efkes oerlizze?
Fertel yn in pear rigels wat der oan 'e hân is. Jo krije in earlik antwurd.