Sels dwaan

Ja, en hjir stiet hoe

Alles wat ik by jo delsette soe, is frije software. De hantliedingen binne iepenbier en de programma's kostje neat.

De folchoarder

  1. Earst in reservekopy

    Set jo bestannen op in eksterne skiif foar't jo wat oars dogge. Wat der net op stiet, is nei de ynstallaasje fuort.

  2. In USB-stick klearmeitsje

    Jo skriuwe Fedora op in stick fan 8 GB en starte de kompjûter dêrfan op. Alles wat op dy stick stie, is dêrnei fuort.

  3. Ynstallearje

    Dat freget in oere en it measte dêrfan is wachtsjen. De fragen dy't jo krije geane oer taal, tiid en de skiif.

  4. Werom sette en neisjen

    Bestannen werom, e-mail ynstelle, printer besykje. Hjir sit yn 'e praktyk it measte wurk, net yn it ynstallearjen sels.

Wêrom Fedora

Ik priizge earder Ubuntu oan, no is it Fedora. Nije hardware wurdt earder stipe, en it bliuwt tichter by wat de makkers fan de programma's sels bouwe.

Foar wa't der efter sit, makket dat net folle út. It byld is itselde en de programma's binne deselde.

De ynstallaasjehantlieding is Ingelsk. De downloadside is foar in part oerset.

Fedora Workstation downloade Ynstallearje (Ingelsk) USB-stick klearmeitsje (Ingelsk)

Fersiferje: wannear wol en wannear net

By it ynstallearjen wurdt frege oft de skiif fersifere wurde moat. Dat betsjut: sûnder wachtwurd is de skiif in bult sifers, ek as ien him derút skroevet.

Dwaan as de kompjûter it hûs útgiet. In laptop dy't mei nei klanten giet, yn de trein leit of op reis meikomt: dwaan.

In fêste kompjûter dy't altyd op itselde plak stiet, hat it selden nedich.

Twa dingen om earst te witten. It wachtwurd kwyt is de skiif kwyt, en der is net ien dy't dat weromhelje kin, ik ek net. En it wurket allinnich as de kompjûter út is; stiet er oan en is er ûntskoattele, dan leit alles iepen.

Skiiffersifering (Ingelsk)

En in eigen tsjinner thús?

In thústsjinner is in kompjûter dy't by jo oanstiet en wat foar jo docht: bestannen diele tusken twa kompjûters, reservekopyen bewarje, in aginda foar it hiele gesin.

Ik ha der sels ien. Mar it is ek in kompjûter dy't byhâlden wurde moat, en dat is wat oars as in wurkplak dat it gewoan docht.

Op dizze side hâldt it hjir op. Freegje it my as jo dêr oer tinke, dan sis ik oft jo it echt nedich hawwe.

En as it net slagget?

Dan belje jo my. Healwei fêstrûn is ek goed: ik meitsje it ôf en lit sjen wêr't it mis gie.

Stjoer in e-mail