Frije software

Frysk yn TeX

TeX is it setsysteem dêr’t in soad boeken en wittenskiplike teksten mei makke wurde. Mei Frysk foel it stil werom op it Ingelsk: Ingelske kopkes, Ingelske datums en ôfbrekken op it ferkearde plak. Dat ha ik oplost, laach foar laach.

Opnommen is noch net beskikber. It komt by jo as it yn TeX Live, MiKTeX of MacTeX sit, en dat is foar neat hjirûnder al it gefal.

Opnommen by de makkers

babel en polyglossia kenne no de taal westernfrisian: kopkes, datums en de wurden dy’t TeX sels set.

De regels foar haadletters sitte yn de LaTeX-kernel.

biber sortearret Frysk goed fan ferzje 2.23 ôf: y telt as i, dus Dykstra komt foar Doele, en in foar yn. Dy ferzje sit noch net yn TeX Live.

babel polyglossia LaTeX-kernel biber

Ôfbrekke

De ôfbrekpatroanen binne fan Esger Renkema, makke út syn list fan sa’n 418.000 wurdfoarmen.

Ik ha se hifke oan de Foarkarswurdlist fan de Fryske Akademy, de noarm, en trije systematyske ôfwikingen ferbettere.

Yn in stekproef fan 485 wurdfoarmen, mei de hân neisjoen op frysker.nl, wykt no 0,19 persint fan de ôfbrekplakken ôf. Mei Nederlânske regels is dat mear as 20 persint.

Se binne oanbean oan hyph-utf8, dêr’t alle talen fan TeX harren patroanen wei hawwe, en wachtsje op opname.

Patroanen fan Esger Renkema

Twa kolommen mei itselde Fryske ferhaal oer de jierdei fan pake. De linker kolom hat in frije rjochterkant. De rjochter kolom is útfolle en brekt ôf mei fryskhyph, ûnder oaren spûk-/ferhalen, idee-/en en gek-/ken.
Deselde tekst twa kear. Links mei in frije rjochterkant, rjochts útfolle mei fryskhyph. Sjoch nei “ideeën”: oan ’e ein fan ’e rigel wurdt it idee-/en, en it trema falt fuort.

Oan ’e ein fan ’e rigel

Soms feroaret in Frysk wurd as it oer twa rigels giet. De Paadwizer (18.3a) seit hoe: ideeën wurdt idee-/en, revolúsjonêr wurdt revolu-/sjonêr, en pdf’en wurdt pdf-/en.

fryskhyph is in TeX-pakket dat dat docht. It is klear, mar noch net útbrocht.

Foar ConTeXt leit in prototype by de makkers, mei kopkes, datum, ôfbrekpatroanen en deselde wiziging oan ’e ein fan ’e rigel.

Fragen of oanfollingen?

Wurkje jo mei Fryske tekst yn TeX, of sjogge jo wat dat net goed giet? Ik hear it graach.

Stjoer in e-mail